Wurk fan keunstner Ton Aartsen troch syn dochters fuortset

24 mrt 2019 - 11:33

It wurk fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen. In pear jier lyn is hy troffen troch de sykte ALS. Mei harren trijen begûnen se keunst te meitsjen, dêr't ek it ferwurkjen fan de sykte fan Ton yn sit.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Yn it proses fan rou en akseptaasje giene de dochters tegearre mei harren heit oan de slach om mear te witten te kommen oer wat harren heit as keunstner beweegde en om tichtby him te wêzen yn de lêste tiid fan syn libben.

Ton hat foar de eksposysje in grut lêste wurk makke yn de searje 'Levenscyclus'. Dêrneist is mear âlder wurk fan him te sjen. Aldste dochter Flore hat har dwaande hâlden mei de fotografy dêr't har heit syn wurk út ûntstien is. Jongste dochter Aagje is skilderjen gien yn 'e geast fan de technyk fan har heit en hat ferskate wurken yn dizze styl makke.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De tentoanstelling 'Levenscyclus' is yn jannewaris 2019 iepene. Ton wie dêrby. Op 8 maart is hy ferstoarn.

In pear wike foar syn dea wie Omrop-kollega Karen Bies by de famylje Aartsen op besite: Ton, Ank en harren dochters Flore en Aagje. Sy fertelle oer wat de ôfrûne tiid foar harren betsjut hat.

Beharkje hjir it petear fan Karen Bies mei Ton Aartsen en syn famylje

De eksposysje 'Levenscyclus', mei wurk fan Ton en syn dochters, is noch te sjen oant 9 april, op wurkdagen fan 9.00 oant 17.00 oere. De keunst hinget op twa plakken: de Kânselarij oan de Turfmerk yn Ljouwert, en de Stedsgalery, ûnder it Stedhûs fan Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(Advertinsje)
(Advertinsje)