Flybjende Ljouwerter mei kroechferbod bedriget plysje-aginten

24 mrt 2019 - 08:10

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 20-jierrige Ljouwerter oanholden fanwegen húsfredebrek yn in kafee oan de Alde Doelesteech. De entûsjaste stapper soe de blomkes bûten sette, mar hy hie lykwols in kroechferbod oant 2020.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Omdat de Ljouwerter by dizze en eardere oanhâldings plysje-aginten yn it gesicht flibe, hat er previntyf in flybmasker opkrigen.

By it ferfier nei it buro misledige en bedrige hy de plysje-aginten. Dy hawwe dêr oanjefte tsjin dien. It hoarekaferbod fan de fertochte sil mei fiif jier ferlinge wurde.

Mishanneling

Letter dy nacht waard in 25-jierrige Ljouwerter mishannele yn in kafee oan it Ruterskertier. It slachtoffer krige in kopstjit en die oanjefte. De fertochte wie koart dêrnei al útpykt. Syn gegevens binne lykwols bekend by de plysje en hy sil ynkoarten heard wurde foar de mishanneling.

(advertinsje)