LDODK nei play-offs Kuorbal League mei winst yn lêste kompetysjeduel

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn de lêste kompetysjewedstriid yn de Kuorbal League wûn. Tsjin Fortuna waard it nei in spannend duel 26-25 foar de thúsploech. LDODK kin him no foar de twadde kear yn de kluphistoarje rjochtsje op de play-offs. De Gordyksters treffe dêryn PKC út Papendrecht.
Friso Boode nei ôfrin fan it duel tsjin Fortuna
LDODK begûn net goed oan it duel yn de eigen sporthal. Fleur Hoek en Daan Preuninger setten Fortuna op 0-2. Marjolein Kroon koe dêrnei mei twa doelpunten de stân lyk lûke. Dêrnei siet der eins gjin ferskil tusken beide ploegen dy't lykop giene (8-8).

Ploegen hâlde it tige spannend

Oant 11-11 wie der neat oan de hân foar LDODK. Dêrnei wie it dochs wer Fortuna dat de foarsprong pakke koe (13-11). Troch goed wurk fan André Zwart en Friso Boode wie it ferskil by it skoft mar ien punt (13-14) yn it foardiel fan de besikers.
Marjolijn Kroon (argyf) © www.orange-pictures.nl
Nei it skoft kaam LDODK rap neist Fortuna troch ûnder oare in ôfstânsskot fan Friso Boode en in fraaie bal fan Erwin Zwart (16-16). Beide ploegen diene neat foar inoar ûnder. Gjin fan beide koe ôfstân nimme fan de oar (20-20).
Pas yn de lêste minuten koe Femke Faber it ferskil meitsje foar LDODK en har ploech mei twa doelpunten nei de winst sjitte.
Ynterview Femke Faber
Yn de play-offs om de lânstitel spylje de fjouwer teams dy't dit seizoen as bêste einige binne yn de Kuorbal League. Dat binne TOP, PKC (Papendrecht), LDODK en Fortuna (Delft). De play-offs bestean út heale finales en in finale.
Yn de heale finales spilet de nûmer 1 (TOP) tsjin de nûmer 4 (Fortuna). Yn de oare heale finale spilet nûmer 2 PKC tsjin LDODK.