Derby fan it Noarden ferrassend in proai foar basketballers Aris

De basketballers fan Aris Ljouwert ha sneontejûn ferrassend de Derby fan it Noarden tsjin Donar wûn. Yn it Martiniplaza yn Grins waard it 76-61 foar de Ljouwerters. It wie foar Aris al de twadde kear dit seizoen dat se fan Donar wûnen.
© Adrie Hoogesteger
As nûmer sân fan de kompetysje wie Aris foarôf de underdog tsjin Donar, dat 20 punten mear hat en meidocht om de boppeste plakken. De foarige Derby fan it Noarden waard wol ferrassend wûn troch Aris.

Aris pakt in foarsprong

Yn it begjin fan de wedstriid giene de ploegen lykop. Rjochting it ein fan it earste kwart waard Aris hieltyd sterker en kamen de Ljouwerters dan ek foar (25-19).
Ek yn it twadde kwart wiene de teams op 'e nij oan mekoar weage. Dochs kaam Donar lyk mei noch twa minuten op de klok (37-37). Twa tellen foar it skoft pakte Aris dochs wer de foarsprong: 40-39.

Aris hâldt ferrassend fol

De Ljouwerters kamen goed út it skoft wei en bouden de foarsprong út nei 48-41. Donar kaam dêrnei in oantal kear yn 'e buert, mar Aris wist de foarsprong fêst te hâlden en gie mei in foarsprong fan 59-50 it lêste kwart yn.
Dêryn waard de foarsprong allinnich mar grutter (64-50). De Grinzers besochten wol werom yn de wedstriid te kommen, mar Aris koe stân hâlde en de foarsprong sels noch wat fergrutsje.

Gjin feroaring op ranglist

Aris bliuwt troch de oerwinning sânde op de ranglist fan de Basketball League. Nije wike sneon nimt Aris it yn Amsterdam op tsjin direkte konkurrint Apollo Amsterdam, dat ien plakje ûnder de Ljouwerters stiet.