Follybalsters VC Snits kinne net stunte tsjin Sliedrecht Sport

23 mrt 2019 - 21:17

De follybalfroulju fan VC Snits ha yn de kampioenspûl mei 3-1 (20-25, 25-23, 25-23, 25-20) ferlern fan koprinner Sliedrecht Sport. De Snitsers pakten ferrassend de earste set, koene dêrnei lang mei mei de thúsploech, mar giene spitigernôch dochs ûnderút.

Hester Jasper fan VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it begjin fan de earste set siet der gjin ferskil tusken beide teams (6-6). It wiene de froulju fan Snits dy't oan de hân fan Monique Volkers as earst in echt gatsje slaan koene (13-10). Dy foarsprong koene de froulju fan trainer Paul Oosterhof knap fêsthâlde (17-12). En hoewol't Sliedrecht noch efkes tichteby kaam (20-17) wie de earste set úteinlik foar de Snitsers.

Snits kin lang mei Sliedrecht mei

It like derop dat Sliedrecht nei it ferlies fan de earste set wekker wie. De thúsploech pakte rap in lytse foarsprong (3-1) yn de twadde set. Mar de froulju fan Snits sieten noch hieltyd goed yn it duel en makken efkes letter gelyk (5-5).

Fia punten fan de goed spyljende Lieze Braaksma en Monique Volkers kaam VC Snits dêrnei sels opnij op foarsprong (10-12). Dizze kear koenen de Snitser froulju de foarsprong net fêsthâlde, en kaam Sliedrecht werom yn it duel (15-15). Oan de ein fan de set fergriemde Snits noch in foarsprong (17-20) en wie it Sliedrecht dat de stân op 1-1 yn sets brocht.

Sliedrecht makket it ferskil

VC Snits liet de kop net hingje en pakte yn de tredde set daliks wer in lytse foarsprong (3-1). Sliedrecht kaam werom, en dizze kear gie de thúsploech derop (4-4) en deroer (13-7). Mei dat ferskil like de tredde set foar Sliedrecht, mar de froulju út Snits knokten harren ûnder oanfiering fan Hester Jasper dochs wer werom yn de set (19-19). Spitigernôch kaam Snits yn de spannende slotfaze krekt tekoart om de set ek noch te winnen.

Yn de fjirde set besocht Snits it dêrnei noch wol, mar it hillige fjoer siet der net mear yn. Troch de nederlaach bliuwt Snits nei seis wedstriden op it tredde plak yn de kampioenspûl stean.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)