7 Friezen yn seleksje Noard-Nederlân foar ynterlân tsjin Noard-Dútslân

23 mrt 2019 - 18:39

Op 15 juny spilet in seleksje fan de bêste amateurfuotballers fan Noard-Nederlân in ynterlân tsjin in seleksje út Noard-Dútslân. De wedstriid wurdt spile yn stadion De Oude Meerdijk, it fuotbalstadion fan FC Emmen. De bûnscoach foar Nederlân is âld-Hearrenfeantrainer Ron Jans en hy hat sân Friezen yn syn seleksje opnaam.

Ynternasjonal Henny Bouius

It binne Curty Gonzales, Klaas de Vries, Ale de Boer, Frits Dantuma fan ONS Snits, Henny Bouius en Joris Voest fan Harkemase Boys en Joost Jesse Visser fan Bûtenpost. Dêrneist hat Ron Jans noch twa spilers yn syn seleksje opnaam dy't yn Fryslân fuotbalje, te witten keeper Erick Jansema en Jesse Renken(beiden Harkemase Boys).

Inisjatyf út it ferline

De ynterlân tusken twa noardlike alvetallen waard yn it ferline faker spile. Yn 1913 wie de earste útfiering fan it duel, doe wûnen de Dútsers mei 7-2. Dêrnei is de wedstriid noch 27 kear spile, yn 1960 foar de lêste kear.

De seleksje fan Noard-Nederlân foar it duel tsjin Noard-Dútslân:

Keepers: Erick Jansema (Harkemase Boys) en Nick Borgman (Hoogeveen).

Ferdigeners: Kellian van der Kaap (Jong FC Groningen), Jesse Renken (Harkemase Boys), Klaas de Vries (ONS Sneek), Gibril Sankoh (ACV), Peter Fokke (Alcides) en Joost Jesse Visser (Buitenpost), Ale de Boer (ONS Sneek), Joris Voest (Harkemase Boys).

Middenfjilders: Jim Veltmaat (MSC), Daniël Bouman (Jong FC Groningen), Frits Dantuma (ONS Sneek), Marcel Pannekoek (Winsum), Thomas Reinders (Hoogeveen) en Henny Bouius (Harkemase Boys).

Oanfallers: Romano Djababoe (HZVV), Curty Gonzales (ONS Sneek), Anjo Willems (VKW), Jermain Wobbes (Alcides) en Ruendel Martina (Oranje Nassau) en Arnoud Bentum (Be Quick 1887).

(Advertinsje)
(Advertinsje)