Bûtenpost giet ûnderút tsjin CSV Apeldoorn
De fuotballers fan Bûtenpost ha yn en tsjin Apeldoorn mei 3-1 ferlern. By it skoft stie it noch 1-0 foar Bûtenpost, mar yn de twadde helte wie de thúsploech dúdlik sterker.
Joran Olijve like Bûtenpost yn it begjin fan de wedstriid op foarsprong te setten, mar de ferdigening fan Apeldoorn koe op tiid yngripe. Twa minuten letter kegele Maarten Boeve in skot op de latte foar Apeldoorn. Dêrnei besocht Apeldoorn troch te drukken. De thúsploech krige ek wol kânskes, mar it wie Bûtenpost dat de foarsprong pakte.
Nei in lyts heal oere wie it Rolf Dijk dy't de 1-0 makke foar de ploech fan René van der Weij. Dat wie tsjin de ferhâlding yn, en ek nei de 1-0 wie Apeldoorn de sterkste. Dochs koe de ferdigening fan Bûtenpost stân hâlde oant it skoft.
Apeldoorn dendert troch
Yn de twadde helte gie it spul hieltyd op en del. Beide ploegen krigen kânskes, en nei dik in oere wie it Maarten Boeve dy't de lykmakker tsjin de touwen kopte. Dêrnei like it der lang op dat de blaukes in punt oerhâlde soene oan de wedstriid.
Tsien minuten foar tiid makke Maikel Lange oan dy dream in ein. Hy makke der 2-1 fan. Fedde Timmer sette dêrnei de einstân op it boerd.