Epke Zonderland falt fan rekstôk yn finale yn Doha

23 mrt 2019 - 17:21

By wrâldbekerwedstriden yn Doha is Epke Zonderland sande wurden. De turner fan it Hearrenfean foel yn de finale fan de rekstôk en helle dêrtroch in teloarstellende skoare fan 12.966 punten.

Foto: www.orangepictures.nl

It gie foar Zonderland mis by de Cassina-Kovacs kombinaasje. By dat twadde elemint moast hy de stôk loslitte. Hy makke dêrnei syn oefening noch wol ôf, mar in plakje op it poadium siet der net mear yn.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen Doha
(advertinsje)
(advertinsje)