Scooterrider slim ferwûne by ûngelok De Hommerts
By in botsing tusken twa scooters op de Jeltewei yn De Hommerts is ien fan beide bestjoerders slim ferwûne rekke.
Nei alle gedachten kaam ien fan de beide scooters út in sydstrjitte. Om't ien fan beide bestjoerders slim ferwûne rekke is, moast der in traumahelikopter nei De Hommerts komme.