Harkemase Boys jout foarsprong tsjin Ajax fuort

Harkemase Boys hat sneontemiddei thús mei 1-1 lyk spile tsjin Ajax, de amateurôfdieling fan de Amsterdamske feriening. De Harkiten kamen betiid yn de twadde helte op foarsprong, mar yn de lêste minút kaam Ajax op geliksense hichte.
© www.orange-pictures.nl
De earste helte op 'e Bosk yn Harkema wie fan in leech nivo. Harkemase Boys hie it measte de bal, mar spile net sekuer genôch om foar gefaar te soargjen. Allinnich oanfierder Henny Bouius wie twa kear tichtby de 1-0.
Nei in lytse tsien minuten spyljen yn de twadde helte wie it al raak. Bouius kopte frij yn nei in goede aksje en foarset fan Iloba Achuna. Achuna is eins ferdigener by de Harkiten, mar no spits om't Robert Stelpstra blessearre is.

Boys kinne foarsprong net fêsthâlde

Dêrnei krigen de Boys noch wol kânsen, ûnder oare foar Noureddine Boutzamar en Pier Veldman, mar de ploech fan Tieme Klompe boude de foarsprong net fierder út. Yn de lêste minút fan de wedstriid betellen de Harkiten dêrfoar de priis.
Nei balferlies fan Boutzamar, djip op de helte fan Ajax, counterden de besikbers nei de lykmakker. Ralph Jurka wie de doelpuntemakker.
Harkemase Boys stiet op it sande plak yn de tredde difyzje, mei 43 punten út 26 wedstriden.