Martijn Barto besoarget ONS Snits in puntsje mei twa lette goals

23 mrt 2019 - 16:34

ONS Snits hat yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal in punt út it fjoer sleept tsjin ODIN'59. Yn Heemskerk kamen de Snitsers troch twa lette goals fan Martijn Barto werom fan in 2-0 efterstân.

Martijn Barto fan ONS Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

De start wie dúdlik foar de thúsploech. Jordi Tiktak waard nei acht minuten ûnreglemintêr tsjinhâlden troch keeper Barry Ditewig fan de Snitsers. Dat betsjutte in giele kaart foar Ditewig en in penalty. Dy waard troch Thom de Vries fersulvere.

Nei in heal oere ferdûbele ODIN'59 de foarsprong. It wie Jeffrey Klijbroek mei skot fan ôfstân dat te machtich wie foar Ditewig. 2-0 wie ek de stân by it skoft.

Martijn Barto besoarget ONS in punt

Yn de twadde helte wie de earste kâns foar de Snitsers. Yume Ramos seach syn skot njonken de peal ferdwinen. Oan de oare kant besocht de thúsploech it duel definityf yn it slot te smiten, mar Jim Hulleman stifte de bal op 'e latte. Dêrnei wie der noch in grutte kâns foar De Vries op de 3-0, mar ek hy miste.

Tsien minuten foar tiid makke ONS de oanslutingstreffer. Martijn Barto koe binnentikje út in hoekskop. Sa brocht hy de spanning yn de wedstriid werom. De Snitsers drukten troch en yn de blessueretiid foel de lykmakker noch.

Mei in kopbal wie it opnij Barto dy't de 2-2 einstân op it boerd sette.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)