Kultureel sintrum It Koartling yn Bûtenpost wer iepen nei ferbouwing

23 mrt 2019 - 16:18

Sosjaal Kultureel Sintrum it Koartling yn Bûtenpost is wer iepen no't it gebou hielendal ferboud is. De hiele ferbou hat alles by inoar sa'n 3 ton koste.

Yn it gebou fine allegearre aktiviteiten plak om minsken by inoar te bringen en de gearhing yn de mienskip te stypjen. Der binne kursussen, der wurdt muzyk makke en der is in spesjale hûskeamer foar minsken dy't harren iensum fiele.

It Koartling bestiet al sa'n 50 jier en is doetiids foar de jongerein opset. Tsjintwurdich binne jong en âld wolkom. It Koartling wurdt draaiende holden troch 25 frijwilligers en is alle dagen fan 'e wike iepen.

(advertinsje)
(advertinsje)