Ronald Wurm: "Met die penaltyshots is het gewoon een loterij"

23 mrt 2019 - 14:30

De UNIS Flyers binne prima úteinset yn de titelstriid om it kampioenskip fan de BeNe-League. De iishockeyers út Hearrenfean pakten de winst tsjin HYC Herentals nei ferlinging en mar leafst achttjin penaltyshots. De Feansters stean no 1-0 foar yn de best-of-five searje. Hjir de highlights en reaksjes.

Hichtepunten en Reaksjes Flyers Herentals

Grutte man by de Flyers wie Ronald Wurm. De oanfaller makke yn de wedstriid de iennige goal foar de Flyers, en yn de penaltyshot-searje wie hy goed foar trije treffers, wêrûnder de winnende.

"De eerste goal was gewoon een hele goede paas van Tony (Demelinne, red.). Van heel de lijn eigenlijk ging dat heel goed. Het was een powerplaygoal. Ik stond open en kreeg gewoon goed de puck. Met die penaltyshots is het gewoon een loterij. Het is 50-50", fertelt Wurm.

"Vier jaar geleden, toen we met Herentals in de finale stonden, toen waren zij als eerste geëindigd en hadden zij het thuisvoordeel. Daardoor wonnen zij de BeNe-League. Wij waren volgens mij ongeslagen thuis. We wonnen thuis en verloren twee keer bij hen."

As de Flyers snein yn België noch in kear stunte, komt de titel tichtby. "We hebben de laatste twee jaar niet veel prijzen gepakt. We hebben wat te bewijzen. Heel fijn dat we de eerste stap hebben gezet."

Reaksjes Flyers Herentals

Ek Flyers-goalie Sjoerd Idzenga sjocht mei in goed gefoel werom op it earste finaleduel tsjin Herentals. Idzenga hâldt de penalty fan de Belgyske topskoarder Kyle Brothers tsjin en soarget der sa foar dat Wurm de oerwinning feilich stelle kin.

De penaltyshots duorren útsûnderlik lang. "Ik heb nog niet eerder meegemaakt, maar zij scoorden, wij scoorden, zij misten, wij misten. Er kwam geen eind aan. Toen scoorde Ronald."

Reaksjes Flyers keeper/Postma

"We hebben het hele jaar voor thuisvoordeel gestreden, en nou hebben we dat, dan moet je er gebruik van maken ook", seit oanfaller Marco Postma. "We hebben twee keer overtime gewonnen en nu met penaltyshots. Het zit ongelofelijk dichtbij elkaar. Dan komt het op kleine dingen aan. Gelukkig trokken wij aan het kortste eind."

(Advertinsje)
(Advertinsje)