Jelle Woudstra-peal op feardaam Skiermûntseach ûntbleate

23 mrt 2019 - 13:32

Op de feardaam fan Skiermûntseach is freed de Jelle Woudstra-peal ûntbleate. De peal markearret de ein fan de wurksumens fan Rykswettersteat, reder Wagenborg en de gemeente, dy't de pier opknapte en duorsumer makke hawwe.

De ynstânsjes giene oan de slach mei de feardaam en de terminal op Skiermûnsteach. Rykswettersteat fernijde ûnder oare de fuotgongersbrêge en de ponton. Wagenborg joech de terminal oan de binnen- en bûtenkant in opknapbeurt. Der binne ûnder oare sinnepanielen en in waarmtepomp pleatst.

De wurksumens moatte derfoar soargje dat de fearhaven wer goed tarist is op grutte toeristestreamen.

Doarpsomropper

Jelle Woudstra, doetiids al de doarpsomropper fan Skiermûntseach, stelde tweintich jier lyn al foar om in mearpeal te pleatsen. Eilânbesikers soene dêrtroch mear gefoel krije by it gebiet, it tij en it unike plak fan de feardaam.

Boargemaster Ineke van Gent ûntbleate de peal tegearre mei de doarpsomropper fan Skiermûntseach. Dy wol de peal opdrage oan alle kustferdigeners fan it lân. Op de peal binne de heechste wetterstannen dy't Skiermûntseach ea hân hat ôf te lêzen. Ek stiet der ynformaasje op oer de markante doarspomropper fan Skiermûntseach.

(advertinsje)
(advertinsje)