Frachtskip ramt pylder Terhernsterslûs
Op it Prinses Margrietkanaal by de Terhernsterslûs hat sneontemoarn in frachtskip in pylder oanfearn. Dy rekke troch de oanfarring slim skansearre. Monteurs en Rykswettersteat binne oanwêzich. Ek binne der dûkers foar in kontrôle ûnder wetter.
Frachtskip ramt pylder Terhernsterslûs
It frachtskip kin, nettsjinsteande de skea, gewoan fierder farre. Ek it oare skipfeartferkear kin gewoan gebrûk meitsje fan de slûs. Rykswettersteat sil foar begelieding soargje.
De oarsaak fan de oanfarring is noch ûndúdlik.