Rykswettersteat hâldt nei oanhâldende klachten it hurdfarren op it Waad tsjin it ljocht

23 mrt 2019 - 12:54

Rykswettersteat hâldt mei hanthaveners fan it ministearje fan Lânbou en Natuer de problemen mei it hurdfarren op de Waadsee tsjin it ljocht. Dit neidat hjiroer ein novimber in brief út namme fan fiif saneamde wurkmienskippen op it Waad stjoerd is nei de heechste baas fan Rykswettersteat. Dizze grutte groep minsken sjocht it regelmjittich misgean en hat dêr noed oer.

Sy freegje "het thema 'snelvaren' op de Waddenzee vanuit veiligheid, beleving, natuurwaarden, geluid, beheer, voorbeeldfunctie en handhaving ter hand te nemen", sa is te lêzen yn de brief.

Wurkgroep

Dêrfoar is no in wurkgroep oprjochte. "Us opdracht is yn elts gefal om te sjen hoe't wy dy hanthavening better meitsje kinne. Dêrby wolle wy sjen wat wy, yn de wetjouwing dy't Rykswettersteat beynfloedzje kin, feroarje kinne. Dêrneist wolle wy ek mei oare partijen yn petear om te sjen wat wy ferbetterje kinne", seit Roland Wijmenga fan Rykswettersteat. Hy koördinearret de hanthavening op it Waad.

Ien foarbyld binne de wettertaksys dy't hieltiten mear brûkt wurde en dêr't net apart wat foar regele is yn de wet. It binne no gewoan flugge motorboaten mei alle beheinings dy't dêr by hearre. Sa meie dy nei sinneûndergong net mear hurdfarre, mar der wurdt sein dat it dochs bart.

Ien fan de skippen fan Rykswettersteat op it Waad. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De regels foar hurdfarre op it Waad

Op it Waad jildt in snelheidsbeheining fan 20 kilometer yn 'e oere. Allinnich yn de fargeulen foar de fearboaten en de fargeulen nei de Noardsee ta meie je hurder farre. Mar dat is útsein de flugge motorboaten; dy meie dat allinnich dwaan yn de tiid tusken it opkommen en delgean fan de sinne.

Fearboaten meie wol yn it tsjuster hurdfarre. De ôfrûne trije jier wurdt troch in soad minsken op it Waad warskôge dat der bûten de fargeulen te hurd fearn wurdt en ek yn de jûn en nacht. Neffens Rykswettersteat giet it sawol om berops- as rekreaasjefeart.

It hanthavenjen fan regels op it Waad kin behoarlik dreech wêze; ek yn dit stik fan saken. Roland Wijmenga: "It probleem is dat it gebiet hiel grut is. Dat rint fan de Razende Bol by Noard-Hollân oant en mei Nieuwe Statenzijl by Grinslân. En je kinne noait tagelyk op alle plakken wêze. Je witte gewoan dat op it stuit dat sa'n moai giel-swart skip it wetter opgiet, minsken dat sjogge en minsken harren gedrach oanpasse." En je moatte minsken op 'e die betraapje en ek noch sjen hokker persoan der achter it roer stiet.

Hurdfarre op it Waad

Sjoen de belangen fynt Wijmenga wol dat der wat oan in bettere hanthavening dien wurde moat. Tagelyk nuansearret hy wol de waarnimmings dy't no fan it Waad komme oer saken dy't misgean. "In rekreant is hiel oars op it wetter as in professional. Ik kin my dan foarstelle dat as der in hiel fluch skip foarby komt en je yn de rekreaasjemodus sitte fan Harns nei Skylge, dat it dy dan oer it mêd komt."

(advertinsje)
(advertinsje)