Frou (36) rydt 170 kilometer yn de oere en rekket rydbewiis kwyt

23 mrt 2019 - 11:22

De plysje hat freedtejûn it rydbewiis fan in 36-jierrige frou út de gemeente Smellingerlân ynfoardere. De automobiliste ried 170 kilometer yn de oere op de N381 op 'e hichte fan Wynjewâld. Dêr is lykwols maksimaal 100 kilometer yn de oere tastien.

Foto: Omrop Fryslân

De frou is har rydbewiis dus kwyt. Hokker oare gefolgen dit foar har hawwe sil, is net bekend. Hoe heech de boete wurdt, sil letter troch it Iepenbier Ministearje bepaald wurde.

Noch in faasjeduvel

In 44-jierrige ynwenner fan Súdwest-Fryslân trape earder dizze wike ek al flink op it pedaal. Op de A7 by De Jouwer ried de automobilist 190 kilometer yn de oere, wylst 130 dêr it maksimum is. Ek dy persoan rekke syn rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
N381 Wynjewâld hurdride
(advertinsje)
(advertinsje)