Kollum: "It provinsjale Forum"

23 mrt 2019 - 10:23

"No't de krûddampen fan de ferkiezings wat ferwaaid binne, is der hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân net al te folle reden foar panyk. Der is in frijwat oersichtlike koälysje mooglik. It CDA, de VVD en de FNP lykje elkoar noch wol fjouwer jier ferneare te kinnen. Mar de fjirde partij sil wol wat mear drokte om wêze.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Der sit nochal wat âld sear by de PvdA, dy't fjouwer jier lyn bûten de doar setten waard. Dus sil de ynformateur wol even wat salvjende wurden sprekke moatte. Lokkich hat dy ynformateur in hiel goed wapen, de ynspanning om Forum voor Democratie bûten it kolleezje te hâlden. Dat byld liket frij algemien dield te wurden, as ik de ferhalen lês. It liket my sterk dat de PvdA dêr net gefoelich foar is. Dus it kin hjir bestjoerlik frij flot wer fierder hobbelje. Allegearre wat moaie plannen yntsjinje en hupsakee mei Fryslân.

It soe hast in útdaging wêze om as earste provinsje it nije bestjoer klear te krijen. Net te lang oer stinne, sa dreech is it net. Of soe de ynformateur gefoelich wêze foar de nije politike streaming? We sille it ôfwachtsje.

De echte spanning komt oer in pear moannen. Dan binne de Europeeske ferkiezings. Nimmen hat it der oer, mar dêr stiet in soad op it spul. Wat docht Europa? Makket it krekt as Amearika in draai yn de rjochting fan de saneamde populisten, sa't troch guon deskundigen foarsein wurdt? En mocht dat sa wêze, hokker belied smyt dat dan op?

Yn Italië sit op dit stuit in regear dêr't twa utersten elkoar fûn ha. It kin dus wol, mar oft in lân der better fan wurdt is de fraach. It politike midden liket al mar mear leech te reitsjen, de ekstremen oan linker en rjochter side krije in soad stimmen. Is dat omdat it elektoraat de tradisjonele polderpartijen sêd is? Of omdat de nije partijen harren boadskip better oan de man/frou bringe kinne?

Yn it eastlike part fan de provinsje Grinslân behelle Forum voor Democratie in fracht oan stimmen, wylst dy partij net folle mei it klimaat hat. Je soene sizze dat krekt de Grinzers mei harren gasproblemen wol om dizze partij hinne gien wiene. Nee dus.

De ûnfrede oer de besteande partijen is blykber sa grut dat se nettsjinsteande in programma dat hielendal net by harren liket te passen, dochs út protest oars stimme as dat se gewoanwei dogge. De grutte fraach mei partijen dy't hiel fluch sa grut wurde, is fansels oft se genôch bestjoerlik kapabele minsken fine kinne om ien en oar stâl te jaan.

De frou en ik ha tegearre te stimmen west. Nei de Oranjewoudflat, dat grutte gebou njonken iisstadion Thialf. Ynkoarten falt it doek foar dit byldbepalende âldereinhûs, it wie dus ynearsten de lêste kear dat je dêr stimme koene. Wy hienen fan te foaren even in praatsje oer hokker hokje we read kleurje soenen.

Der kamen twa partijen nei boppe, dêr't we beide wat oer twivelen. Folslein yn de Nederlânske poldertradysje ha we de stimmen mar oer dy beide partijen ferdield. Der wie noch in formulierke dat je ynkleurje koene. Dêr ha ik in grut read krús op setten en fierder blanko yn de bus mitere. Oerstallige en jildfersmitende bestjoerslagen binne fierstente folle fan."

(advertinsje)
(advertinsje)