Skoatterwâld wurdt opknapt: útstrieling trainingsfasiliteiten past net mear by de klup

23 mrt 2019 - 10:09

Sportklup Hearrenfean pleitet foar it opknappen fan sportpark Skoatterwâld. De fuotbalklup brûkt it sportpark as trainingslokaasje, ûnder oare foar it earste alvetal, mar bygelyks ek foar de jeugdteams. It kompleks is lykwols datearre, sa fynt Sportklup Hearrenfean.

Foto: vheerenveen.nl

Sportpark Skoatterwâld is de thúsbasis fan de amateurs fan VV Hearrenfean en is yn 1996 yn gebrûk naam. "Er is niet heel veel mis mee in die zin dat het slecht is. Integendeel, het is compleet onderhouden binnen de mogelijkheden die we hebben. Alleen is het niet meer van deze tijd als je kijkt naar de voorzieningen en de faciliteiten", fertelt SC Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond.

En der is ek noch in oar probleem: der binne te min fjilden. Sportklups VV Hearrenfean en SC Hearrenfean moatte beide traine op de fjilden. Der wurdt lykwols benammen in oplossing socht foar it earste probleem. "In samenwerking met de gemeente zijn we aan het oriënteren wat zich allemaal aanbiedt qua mogelijkheden op die plek en daarbuiten. Kunnen we er andere gebieden bij betrekken?"

Utstrieling

De plannen foar it nije sportpark hawwe fansels ek te krijen mei it feit dat SC Hearrenfean no in earedifyzjeklup is. De útstrieling fan de trainingsfasiliteiten past net hielendal mear by de klup. "De afgelopen tien jaar is er in het algemeen niet zoveel gebeurd bij Heerenveen in de ontwikkeling van in dit soort zaken. Dat is doodzonde. Daar hebben we een achterstand mee opgelopen."

AZ en FC Grins hawwe de stap fan in nij sportpark wol naam. "Die hebben een prachtig nieuw trainingscentrum gebouwd op het moment dat dat nodig was, waardoor wij nu een achterstand hebben en bijvoorbeeld ook niet meer de stempel hebben van 'internationale jeugdopleiding'. Daar zijn we gewoon niet scherp geweest."

SC Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond oer it sportpark

Neffens Roozemond binne der ynvestearrings dien dy't net it meast relevant wiene foar de klup. Der hie mear jild gean moatten nei de jongereinoplieding. De fernijing past hielendal yn de profesjonalisearringsslach dy't Hearrenfean meitsje wol. "We moeten professioneler worden. We zijn heel concreet aan het kijken naar dingen als digitalisering. We hebben echt een achterstand als je kijkt naar onze app."

Swier waar

No hat de Feanster sportklup finansjeel in swier waar sitten en it jild foar it nije sportpark sil earne weikomme moatte. "Op de langere termijn zullen we er operationeel voor moeten zorgen dat we meer inkomsten genereren", fertelt Roozemond.

"Er moeten meer toeschouwers komen, sponsors moeten actiever benaderd worden, en we moeten ook aan de onderkant heel effectief met ons geld omgaan. Als we dat doen, heb ik er vertrouwen in dat wij binnen drie jaar weer binnen de begrotingscijfers zitten."

Ferkeap spilers

In grutte boarne fan ynkomsten hat foar Hearrenfean altyd de ferkeap fan spilers west. "Daar is Heerenveen groot mee geworden en gebleven. Als we een speler verkopen, pakken we een x-percentage van dat geld en dat zetten we weg, specifiek geoormerkt voor de jeugdopleiding. En zo benoem je je prioriteiten."

(advertinsje)
(advertinsje)