Omrop TIP: Foar ik ferjit, de ynfloed fan Alzheimer op in gesin

Tom Giliam krige goed tsien jier ferlyn te hearen dat er Alzheimer hie. Hy wie doe 54 jier. It sette syn libben en dat fan syn frou Martine en fjouwer bern folslein op 'e kop.
Dokumintêremakker Gerard van der Veer folge it gesin Giliam hast in jier lang. De Fryslân DOK dokumintêre 'Foar ik ferjit' sketst in byld fan de gefolgen foar Tom, syn frou Martine en harren bern. "Doe't ik de diagnoaze hearde, fielde ik ús lokkige gesinslibben as sân troch myn fingers weiglippe,'' fertelt Martine.

Iensume en ûngelike striid

Dochter Janneke jout oan dat de nije situaasje ek op de bern in grutte ynfloed hie: "Wy wiene best iepen tsjininoar oer de sykte. Mar dochs: wy libben ek byinoar del en ferwurken de ramp dy't plakhie yn ús gesin allegearre yn ús eigen wrâld.''

Prate oer syn sykte die Tom net in soad. Ut de brieven dy't er skreau oan syn famyljeleden wurdt dúdlik watfoar iensume en ûngelike striid hy fierde tsjin Alzheimer.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Foar ik ferjit' is snein 24 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.
Mochten jo nei it sjen fan de dokumintêre jo ferhaal kwyt wolle, dan kinne jo kontakt opnimme mei de AlzheimerTelefoon: 0800 5088 (sân dagen yn de wike fan 9.00 oant 23.00 oere berikber).