Plannen Holwert oan See begjinne stadichoan foarm te krijen

Koartlyn krige Holwert oan See leafst 15 miljoen euro fan de Postcode Loterij. In flink bedrach, mar wêrom bart dêr dan noch hieltyd neat mei? It plan is om by Holwert de dyk troch te stekken, sadat der in soarte fan fjord ûntstiet. Dat biedt dan wer allegearre mooglikheden, foar natuer, mar bygelyks ek foar rekreaasje.
© Omrop Fryslân
Freed waard bekendmakke dat der in spesjaal projektburo foar it plan opsetten wurde sil. Dat moat ûnder oare foar it definitive ûntwerp soargje, foar ûndersyk, it ferlienen fan fergunningen en de start fan de útfiering. It projektburo sil yn oktober offisjeel úteinsette.
"Wy binne hiel drok dwaande. Sûnt dy 15 miljoen fan de Postcode Loterij hat eltsenien no wol yn byld fan: 'blinder, dat Holwert oan See giet noch troch ek. Wat no allegear?'. Dus der komme wer in soad fragen omheech", fertelt Marco Verbeek fan Holwert oan See.
"Dêr binne wy no foaral drok mei, hokker fragen binne der, moatte we ferdjipjend ûndersyk dwaan, kinne wy dit jier nei in definityf planûntwerp? It is wol it idee dat we dêr dit jier mei oan de slach gean, sadat we wol foar 2025 troch de dyk hinne kinne."

Praatplan

Dat definitive plan is der noch net. Oant no ta is der wurke mei in saneamd 'praatplan'. "Der komme altyd wol wer nije ynsichten. As we wat oanfreegje wolle - we hawwe asen fergunningen nedich - dan moatte je wol definitive plannen meitsje, wêr't eltsenien him yn fine kin."
Neffens Verbeek stiet it praatplan net sa fier fan de realiteit ôf. In wichtige kwestje is it sâlte wetter dat by it trochstekken fan de dyk op it boerelân komme sil. Dêr hawwe boeren fansels net in soad ferlet fan. "Wy moatte wol in hiel soad dingen útslute. As wy sizze dat de boeren der gjin lêst fan hawwe sille, dan moatte we dat wol mei ûndersyk hurd meitsje. Wy sille nea samar sâlt wetter nei binnen streame litte sadat boeren harren wurk net mear dwaan kinne."
Marco Verbeek fan Holwert oan See
Dochs sil der ynkoarten ris in momint komme moatte wêrop't de projektgroep seit dat se fan 'e wâl stekke sil. "Sadree't wy definityf al it jild binnen hawwe, dan kinne we sizze dat we de begrutting rûn hawwe. Dat is ek it momint dat wy mei fergunningsoanfragen begjinne kinne. We binne oer de helte en we binne hiel posityf oer de folgjende helte. It moat oan de ein fan it jier helder wêze."
De kâns dat Holwert oan See net trochgiet, is der. "Je binne altyd ôfhinklik fan de finansiers", beslút Verbeek.