Swier befochten winst nei penaltys foar UNIS Flyers

De UNIS Flyers binne yn de striid om de BeNe-League titel úteinset mei winst op HYC Herentals. Freedtejûn wie de earste finalewedstriid tusken UNIS Flyers en de ploech út België yn Thialf. De finale fan de BeNe-League is best-of-five: it giet der dus om wa't it earst trije wedstriden wint.
Nei de perioadestannen 1-0, 0-1 en 0-0 folge overtime en letter penaltys. It waard 2-1 foar de Friezen, dy't yn de best-of-five searje fan de finale no 1-0 foar stean.
© Martin de Jong
Sawol UNIS Flyers as HYC Herentals begûn fanatyk oan de earste perioade. Het tempo lei heech, mar scoren slagge net. Nei hast fjirtjin minuten hie UNIS Flyers powerplay. Njoggen sekonden ûnderweis yn de powerplay wie it Ronald Wurm die de ienige goal fan de perioade wist te scoren: 1-0 foar UNIS Flyers.
Sân minuten neidat it fluitsinjaal foar de start fan de twadde perioade klonk, hie Herentals powerplay. Undanks dat de UNIS Flyers manmachtich oan it ferdigenjen wienen, wie it Kyle Brothers dy't de puck wist te pakken en de lykmakker wist te scoren: 1-1.
Troch it gat yn it iis gong de tredde perioade pas letter fan start. Doe't de ploegen it iis opgongen, waard it gat ûntdutsen. De iismaster hat it iis mei snie en stikstof makke, wêrnei de tredde perioade lang om let begjinne koe.
Nei twa minuten wienen it de UNIS Flyers dy't de earste echte kâns fan de tredde perioade hienen. Beide ploegen sochten elkoars goal noch faak op. Kâns nei kâns, mar gjin goals. Sels de powerplay fan Herentals smite gjin goals op. De perioade einige sûnder doelpunten en overtime folge.
Nei tsien minuten overtime sûnder goals wienen it de penaltys dy't de útslach bepaalden. Postma biet it spits ôf, mar slagge der net yn om te scoren. Tsjinstanner Kyle Brothers wol. Adem Bezak slagge der ek ien, wêrtroch it noch gjin einde ferhaal foar UNIS Flyers wie. Nei fiif penaltys wie de stand 4-4. Ien om ien folge en Ronald Wurm skoarde it winnende punt. It waard 2-1 foar de Friezen, dy't yn de best-of-five searje fan de finale no 1-0 foar stean.