Drachtster Boys winne mei 6-2 fan Futsal Apeldoorn

22 mrt 2019 - 22:45

De sealfuotbal froulju fan de Drachtster Boys wiene te sterk foar Futsal Apeldoorn. De Drachtsters ha thús mei 6-2 wûn fan de nûmer 5 yn de earedifyzje.

Jessie Prijs (argyffoto) - Foto: Tibbesma Fotografie

De Drachtster Boys kaam al gau op foarsprong. Yn de earste helte soargen Vellema, Westerhout, De Vries en Reender foar in 5-0 foarsprong. Yn de rêst waard keepster Van der Zijden ferfongen troch Melanie Leandro Visscher fanwegen in blessuere.

Yn de twadde helte wist Futsal Apeldoorn har earste doelpunt te meitsjen, mar dat waard troch de Drachtsters beäntwurde mei 6-1. Yn de lêste minuten makken Futsal Apeldoorn der noch 2-6 fan, mar dat wie lang net genôch.

(advertinsje)
(advertinsje)