SC Cambuur wint útwedstriid tsjin FC Volendam mei 1-0

22 mrt 2019 - 22:40

Nei in earste helte dêr't Cambuur mar in bytsje kânsen yn hie, wie it yn de twadde helte Sam Hendriks dy't de Ljouwerters op foarsprong brocht. Volendam besocht dêrnei de lykmakker te skoaren, mar slagge dêr net yn.

Repo FC Volendam-SC Cambuur

Yn de earste helte wie it Cambuurspiler Sai van Wermeskerken dy't in tal kânsen op in doelpunt hie, mar it slagge him net dy ek wier te meitsjen. Ek de pear kânsen dy't Volendam hie waarden net fersulvere.

Yn de twadde helte mocht Cambuur in tal hoekskoppen nimme, mar dy resultearren net yn doelpunten. In penalty, nei in oertrêding op Kevin Jansen, waard der troch Sam Hendriks yn de rebound wol ynsketten. Flak dêrnei krige Nigel Robertha de kâns om 0-2 te skoaren, mar hy skeat tsjin de peal. Hendriks besocht dêrnei de bal der as noch yn te krijen, mar hy rekke him net goed.

Reaksjeartikel- Cambuur Sam Hendriks

Nei in giele kaart foar Kevin van Kippersluis krige Volendam noch in frije traap op sa'n tweintich meter foar it doel, mar de latte stie in goal foar de thúsploech yn it paad.

Reaksjeartikel- Cambuur Robbert Schilder

Cambuur begûn de twadde helte mei deselde spilers as yn de earste helte. Yn de 70e minút waard Alex Bangura ferfongen troch Robertha, yn de 81e minút makke Jansen plak foar Nino van den Beemt.

Reaksjeartikel- Cambuur Rene Hake

(Advertinsje)
(Advertinsje)