Lykspul foar froulju SC Hearrenfean tsjin VV Alkmaar

De froulju fan SC Hearrenfean slaggen der freedtejûn net yn om de thúswedstriid op sportpark Skoatterwâld tsjin V.V. Alkmaar te winnen. It einige mei 1-1.
© Orange Pictures
Yn de earste helte kamen de froulju fan SC Hearrenfean mei 1-0 foar, nei't Tiny Hoekstra koart foar de rêst wist te skoaren en SC Hearrenfean mei foarsprong de rêst yn stjoerde. Mar dat wie net genôch. Yn de 68e minút sette Beau Rijks fan VV Alkmaar it spul lyk: 1-1.
De froulju fan SC Hearrenfean hâlde de lieding, nei it lykspul mei de nûmer 2 yn de b-pûl.