Finale BeNe-League tusken UNIS Flyers en HYC Herentals

22 mrt 2019 - 20:25

Freedtejûn spilen de UNIS Flyers tsjin HYC Herentals út België. It wie de earste wedstriid yn de finale fan de BeNe-League. Nei in spannende wedstriid wienen it de UNIS Flyers dy't de oerwinning pakten. Hjirûnder is de wedstriid werom te sjen.

De Flyers en Herentals einigen yn de reguliere kompetysje op respektyflik it earste en it twadde plak. De earste finalewedstriid yn de BeNe-League is de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân.

De finale fan de BeNe-League is best-of-5: it giet der dus om wa't it earst trije wedstriden wint. Troch de wedstriid fan freedtejûn stjit UNIS Flyers no 1-0 foar yn de striid om de titel.

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)