Amerikanen yn Ljouwert om etysk te hacken

In groep Amerikaanske jongerein is nei Nederlân kaam om it etyske hacken te learen. Dizze wize fan hacken wurdt brûkt om minsken en bedriuwen te beskermjen tsjin hackers dy't kwea yn it sin ha. Se ha in oantal dagen yn Rotterdam sitten en binne op it stuit twa dagen yn Ljouwert.
© Cyberworkplace
Yn Amearika wurdt hiel oars nei hackers sjoen as hjir. Troch de ferhalen fan presidint Trump en de Russen dy't de ferkiezingen al dan net hackt ha, wurdt der op hackers delsjoen. Hjir yn Nederlân wurdt folle mear sjoen nei de potinsje fan dizze minsken. Dêrom is no in tsiental jongerein út Albuquerue in wike lang yn Nederlân, dêr't se de fine kneepkes fan it fak leare.

Bedriuwen beskermje

Yn de Blokhûspoarte leare de Amerikanen, mei in groep Nederlânske jongerein, it hacken mei spultsjes. Sa dogge se it spul 'catch the flag', wêrby't se in flagge bemachtigje moatte. Dit bart allegearre achter de kompjûter. Se moatte mei koaden de ynlochgegevens fan in spesjaal makke testwebside probearje te kreakjen.
Se leare dizze feardichheden om se letter yn te setten om bygelyks bedriuwswebsides te testen. As se in webside kreakje kinne, nimme se kontakt op mei de bedriuwen om se te fertellen oer de lekken. Sa kinne se de bedriuwen beskermje tsjin hackers dy't kwea yn it sin ha.
Owen Vogelaar (18) út Schiedam wurket ûnder it spul tegearre mei Katon Luaces (19) út Albuquerue. "We zijn nu een testsite aan het kraken. We proberen de wachtwoorden bij de gebruikersnamen te krijgen, dan kunnen we inloggen en de vlag veroveren", seit Owen. "We zijn nu al vijf uren achtereen bezig", fertelt Katon. En it giet goed, se binne earste en twadde wurden mei it spul!