Sykloan yn Mozambyk treft Frysk wetterprojekt

22 mrt 2019 - 17:25

De sykloan dy't ferline wike Mozambyk troffen hat, hat ek foar skea soarge oan it grutte Fryske wetterprojekt dat der in pear jier ferlyn opsetten is. Hoe grut de skea krekt is, is noch mar dreech te achterheljen fanwege de minne ferbiningen mei it rampgebiet.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it projekt 'Schoon Water voor Mozambique' binne sûnt 2010 op goed hûndert skoallen wc's oanlein foar sa'n 200.000 bern. Ek binne gemeenten en oare organisaasjes oplaat om mear te witten te kommen oer skjin wetter. It projekt wie opsetten troch in tal Fryske gemeenten, it Wetterskip Fryslân en wetterbedriuw Vitens.

Swiertepunt fan it projekt lei yn de stêd Beira. En krekt dat gebiet is no troffen troch de sykloan. It kontakt mei it rampgebiet begjint no op gong te kommen. "De earste dagen koene wy gjin minsken berikke. Der sitte noch altyd minsken dy't foar ús projekt wurke ha. Dat binne foar it grutste part Mozambikanen", fertelt eardere projektlieder Jos Schouwenaars.

Ynventarisaasje

Der wurdt no in ynventarisaasje makke fan de skea en fan wat der krekt nedich is. "Der hat ûnfoarstelbere hurde wyn west en in hiel soad rein. It is in stik fan Mozambyk dat hiel leech leit en dus in kwetsber gebiet. In soad doarpen stean no ûnder wetter."

De steden lizze der wat heger. Dêrom kinne de minsken fan it projekt sjen hoe't de skoallen der krekt by lizze. Dy binne foar it grutste part makke fan golfplaten en dêrom dus fuortfage. Ek bearputten en kelders sitte grôtfol mei reinwetter. "Ik ha fan 'e middei noch heard dat de measte skoallen net iepen binne foar bern. Dy wurde brûkt foar famyljes dy't harren hûs kwyt binne. It is de bedoeling dat der needfoarsjennings ynstallearre wurde."

Jos Schouwenaar

It plan is dat de skoallen oer ûngefear twa wike wer iepen binne. De grutste behoefte yn it rampgebiet is op it stuit wetter, iten en in dak boppe de holle. "Ik ha hjoed heard dat ek de gemeente graach hat dat wy ynventarisaasje dogge. Ik ha sels al in earste begrutting sjoen foar de earste werstelwurksumens op in stik as tritich skoallen."

"Us bestjoer hat al sein: wy wolle yn elts gefal besykje om mei oare organisaasjes yn kontakt te kommen om te sjen oft wy mei elkoar noch wat betsjutte kinne foar dat soarte werstelwurksumens."

(Advertinsje)
(Advertinsje)