FIDEO: Hurdfytser Pieter Weening (37) sjocht noch kânsen foar himsels

22 mrt 2019 - 19:38

Yn Fryslân Hjoed wie freed Pieter Weening te gast. Fierder oan tafel âld-hurdfytser Eddy Schurer en sportsjoernalist Jaap Stalenburg.

Sportblok FH

Weening makket al hast 16 jier diel út fan it profpeloton. En nei ûnder oaren etappe-oerwinnings yn de Giro D'Italia en de Ronde fan Frankryk brânt noch altiten it hillige fjoer yn him. Ek dit jier wol de 37-jierrige routinier koersen winne.

No't Weening net mear de WorldTour wedstriden rydt, mar de pro continentale wedstriden, sil hy nei alle gedachten net mear de Tour de France ride. "Mar dat fyn ik ek net spitich. Al dat gedoch dêrom hinne. It soe de moaiste wedstriid wêze, de Tour de France, mar ik ryd leaver de Giro.

By de ploech fan Weening, de Roompotformaasje, komme ek in soad jonge hurdfytsers, dy't by Roompot goed wurde en dêrnei oerstappe nei oare grutte ploegen. "Yn prinsipe jouwe wy jonge riders de kâns, mar einliks soe it net sa moatte. Dan soe Roompot in opliedingsfergoeding krije moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)