Piet Paulusma en KNMI warskôgje foar tichte mist op freedtejûn

22 mrt 2019 - 18:55

Waarman Piet Paulusma warskôget foar tichte oant tige tichte mist. Oan it begjin fan freedtejûn wiene it benammen de Waad- en Iselmarkust dy't mei min sicht te krijen hiene, mar geandewei de jûn sil de mist him fierder útwreidzje. It KNMI hat yntusken koade giel ôfkundige.

Foto: Omrop Fryslân, Lydia Siderius

It KNMI warskôget dat it sicht minder as 200 meter wêze kin, neffens Piet Paulusma koe yn Starum al net fierder as in lytse santich meter sjoen wurde.

De ferwachting is dat de mist oan it begjin fan de nacht oplost.

(Advertinsje)
(Advertinsje)