Brommerrider rekket slim ferwûne by ûngelok yn Hurdegaryp

22 mrt 2019 - 17:33

Op de Easter Omwei yn Hurdegaryp binne freedtemiddei in auto en in brommer mei elkoar yn botsing kaam. De brommerrider, in man fan 66 jier út Burgum, is dêrby slim ferwûne rekke. Hy is op it plak fan it ûngelok stabilisearre en dêrnei nei it UMCG brocht.

Foto: De Vries Media

De auto waard bestjoerd troch in 34-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp. Hoe't it ûngelok barre koe, wurdt noch ûndersocht troch de plysje.

Foar de helpferliening waard ûnder oare in traumahelikopter ynset. Neffens de plysje hat in frou dy't tsjûge wie fan it ûngelok ek in wichtige rol spile by de helpferliening.

De Easter Omwei hat fanwege it ûngelok in skoft ôfsletten west.

(Advertinsje)
(Advertinsje)