Harry van der Molen ynformateur nije Deputearre Steaten

22 mrt 2019 - 16:49

Twadde Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA wurdt ynformateur fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. It CDA fan listlûker Sander de Rouwe hat him frege.

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter Van der Molen (38) sit sûnt 2017 foar it CDA yn de Twadde Keamer. Dêrfoar wie er wethâlder yn Ljouwert, nei't er ek al acht jier yn de Ljouwerter gemeenteried sitten hie. Earder wie Van der Molen foarsitter fan de jongereinôfdieling fan it CDA. Yn 2017 stie er as achtste op de list fan it CDA foar de Twadde Keamerferkiezingen.

De gearstalling fan it nije kolleezje kin yn teory mei fjouwer partijen. Dan binne yn alle gefallen CDA, Forum voor Democratie en PvdA nedich: dy har mei har trijen tweintich sitten yn Provinsjale Steaten. Der binne 22 nedich foar in mearderheid. Yn alle oare gefallen moatte der op syn minst fiif partijen yn it nije kolleezje.

It CDA wûn de Provinsjale Steateferkiezingen woansdei. Sy bliuwe de grutste partij en ha de kommende fjouwer jier 8 sitten. Dêrnei komme Forum voor Democratie en PvdA mei elk 6 sitten.

De folsleine foarriedige list mei sitten:

  • CDA 8 sitten (-1)
  • Forum voor Democratie 6 (+6)
  • PvdA 6 (-1)
  • VVD 4 (-1)
  • FNP 4 (0)
  • GrienLinks 3 (+2)
  • ChristenUnie 3 (0)
  • PVV 3 (-1)
  • SP 2 (-3)
  • D66 2 (-1)
  • Partij voor de Dieren 1 (0)
  • 50PLUS 1 (0)

Van der Molen as formateur sei fuortendaliks ja, doe't Sander de Rouwe him frege. Dochs is it de earste kear dat er as ynformateur optrede sil. "Ik fyn it hiel wichtich dat myn provinsje in goed bestjoer kriget. Ik sil earst mei alle partijen prate en dan sjen hokker partijen mei inoar gearwurkje kinne. Dan is it oan de formateur wat foar in kolleezje derút komt", leit Van der Molen út.

Harry van der Molen oer syn oanstelling ta formateur

(advertinsje)