Iuwenâld gebiet Rikkinge Es by Easterwâlde yn hannen fan It Fryske Gea
It iuwenâlde gebiet Rikkinge Es by Easterwâlde komt yn hannen fan It Fryske Gea. De natuerorganisaasje en de hjoeddeistige eigener Sjoerd Hoekstra tekenje oer in wike de keapakte. Mei de oankeap troch It Fryske Gea bliuwt in karakteristyk stikje Fryslân behâlden. It terrein moat útgroeie ta in foarbyld fan natuerynklusyf buorkjen.
Stedsboer Fryslân
Hoekstra sil it terrein tenei op dizze wize beheare. De offisjele oerdracht is tagelyk it startsein fan Uw Stadsboer Fryslân. Fia dit inisjatyf wurde produkten fan biologyske boeren direkt oan de konsumint ferkocht.