Gemeente Ljouwert organisearret spesjale Antilliane-gearkomste

De gemeente Ljouwert moat oars mei Antillianen omgean. Dat seit Fabiola Kook, Antilliaanske en studinte yn Ljouwert. Om de problemen oan te pakken, moat der net óer, mar méi de Antilliaanske mienskip praat wurde. Kook is bot belutsen by de diskusje dy't op dit stuit fierd wurdt yn Ljouwert nei oanlieding fan de Feiligensmonitor 2019-2023. Yn dat stik fan de gemeente stiet dat it Antillianebelied op twa wizen oanflein wurde moat: represje en previnsje.
Nij Antillianebelied nedich yn Ljouwert
It Antillianebelied yn Ljouwert giet Kook oan it hert. Se is bot rekke troch de Feiligensmonitor fan de gemeente Ljouwert. It wie foar har reden om krêften te bondeljen en de striid oan te gean om it Antillianebelied yn Ljouwert te feroarjen.
Yn dy monitor wurdt ynset op represje en previnsje. Sa moat foarkaam wurde dat kânsleaze Antillianen fan Rotterdam út of de Antillen sels nei Ljouwert ferhúzje. Der moat ek wurke wurde oan de sosjale problemen dy't der by de groep binne. Dan falt te tinken oan teeners dy't swier binne of kriminaliteit.

Sosjale problemen

Kook jout ta dat der in soad problemen binne om op te lossen. "Er zijn inderdaad veel sociale problemen binnen de Antilliaanse gemeenschap. Denk dan aan afhankelijkheid van een uitkering, taalachterstanden of opvoedingsproblemen." Mar, sa seit se, dy binne der ek by oare groepen of oare wiken en doarpen binnen de gemeente Ljouwert. "Neem een willekeurige wijk in Leeuwarden. Daar vind je altijd wel mensen met dezelfde problemen. Waarom dan juist deze groep over één kam scheren?"
Fabiola Kook © Omrop Fryslân
Roberto Escalona ûderskriuwt it ferhaal fan Kook. Escalona, âld-honkballer en maatskiplik aktyf yn Ljouwert, waard ek lulk doe't hy hearde en lies wat de gemeente Ljouwert sein hie oer de Antillianen en de problemen. "Tuurlijk zijn er problemen. Maar als je steeds zegt dat een bepaalde groep zorgt voor problemen, los je die niet op. Die worden dan alleen maar groter. Dat is een negatieve spiraal omlaag. Je kunt beter werken aan oplossingen."
Escalona seit boppedat: "Antillianen bestaan niet. Het zijn gewoon Nederlanders."
© omrop fryslan
Dat is krekt ek wat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert foar eagen stiet. Mei reden hat hy kommende moandei in spesjale Antilliane-gearkomste organisearre. Crone sprekt sels ek net fan kânsleaze Antillianen, mar kânsearm. Dy groep moat, lykas de oare groepen binnen Ljouwert dy't kampe mei deselde soart problemen, holpen wurde.

"Pak ze maar hard aan en straf ze"

Escalona wit dat in bepaalde groep Antillianen foar problemen soarget. Hy fynt dat dy hurd oanpakt wurde moat. "Ja, pak ze maar hard aan en straf ze. Maar help ze ook." Kook is it dêr lykwols net mei iens. "Zo'n harde aanpak helpt niet. Wat los je daar dan mee op? De problemen die de mensen hebben in ieder geval niet." Se fynt dat troch sa'n hurde oanpak dizze groep yn in hoeke drukt wurde. Dêr hawwe Antillianen neffens har bot lêst fan, want se wurde der altyd op oansjoen.
Se wol dan ek dat de gemeente Ljouwert op 'e syk giet nei strukturele oplossings. "En dat samen met de mensen uit de gemeenschap. Er zijn genoeg ideeën en plannen en dan heb je ook draagvlak." Dêr is Escalona it mei iens. "Een beter beleid, dan kom je er wel. Wij als Nederlanders moeten dit aanpakken. De aanpak zoals dat in die monitor staat werkt niet. Een stempel op die groep drukken ook niet."