Arends krekt net nei dûbeldfinale yn Lille

22 mrt 2019 - 15:45

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der mei syn dûbeldmaat Tristan-Samuel Weissborn net yn slagge om de finale fan it challengertoernoai yn Lille te heljen. Yn de spannende heale finale wiene Jonathan Ehrlich (Israel) en Fabrice Martin (Frankryk) mei 2-6, 6-3 en 12-10 te sterk.

Sander Arends - Foto: www.orange-pictures.nl

Troch sterk te begjinnen, pakten Arends en Weissborn mei oertsjûging de earste set. Yn de twadde set waarden Ehrlich en Martin sterker, wêrnei't in supertiebreak de winner bepale moast. Dy gie mei 12-10 nei Ehrlich en Martin.

Nettsjinsteande it ferlies, koe Arends wol fan it nivo genietsje: "We hebben een heerlijke wedstrijd gespeeld, al blijft het balen om op deze manier te verliezen."

Takom wike spylje Arends en Weissborn de challenger fan Saint-Brieuc.

(advertinsje)