Kampanjedei foar mear masters op basisskoallen

22 mrt 2019 - 15:41

Al jierren wurdt kampanje fierd om mear manlju op de pabû, de dosinte-oplieding, te krijen, sadat der ek mear masters komme. Freed wie wer sa'n kampanjedei. Op de Tarissing yn Aldehaske ha de masters freed alles oernaam. Neffens Juf Berber fan de Tarissing is it wichtich dat de balâns werom komt.

De bern fûnen it wol moai dat der freed allinnich mar masters wiene. "Meesters zijn heel anders. We hebben gym gedaan en dat is gewoon veel leuker dan met de juffen", seit in learling út groep 5. Mar dat is no krekt wat juf Berber ek bedoelde: de balâns ûntbrekt. "Famkes, mar ek jonges ha in rolmodel nedich."

Neffens master Jan, dy't freed op de Tarissing te gast wie, is no 1 op de 8 learkrêften in master. "Ik ben dol op juffen, maar een mix van 50/50 zou beter zijn."

Juf Berber en Master Jan oer it tekoart oan masters op basisskoallen

(advertinsje)