Mienskipsloket foar nije kulturele inisjativen iepene

22 mrt 2019 - 14:33

Om derfoar te soargjen dat ek nei it Kulturele Haadstêdjier oanwaaks bliuwt fan mienskipsprojekten, komt der in saneamd Mienskipsloket. Dêrmei wolle LF2028 en Keunstwurk nije inisjativen struktureel stypje mei in leechdrompelich loket. Dat loket is fan freed ôf iepen.

Foto: Hans Jellema

Minsken kinne der terjochte mei bygelyks fragen oer it meitsjen fan in projektplan, gearwurking, produksje, finânsjes en marketing.

Judith Baarsma is projektadviseur by Keunstwurk en is wiis mei it nije loket. "In de aanloop naar en tijdens het Culturele Hoofdstadjaar hebben we initiatieven kunnen ondersteunen met het platform Stipe.frl", seit se. "Door de samenwerking met LF2028 kunnen we nu doorgaan met die steun en uitbouwen."

Belutsenens krúsjaal

Neffens de kertiermakker fan LF2028, Lieuwe Krol, is it wichtich om de doelen fan de neilittenskip fan LF2018 wier te meitsjen. "De belutsenens fan de mienskip is krúsjaal om ta in nij en ynspirearjend programma te meitsjen", seit er.

It Mienskipsloket komt by Keunstwurk, oan de Wissedwinger yn Ljouwert. Der komme ek 'greidesesjes' en workshops om inisjatyfnimmers op wei te helpen. By de greidesesjes kinne ferskate inisjatyfnimmers mei-inoar oan de slach mei de plannen.

(advertinsje)