Wike fan de mantelsoarch: net ien hoecht der allinnich foar te stean

22 mrt 2019 - 14:02

Ien op de trije minsken jout mantelsoarch. In partner dy't siik is fersoargje of de buorman helpe mei de boadskippen, om't er dreech út hûs komt: it binne allegearre foarmen fan mantelsoarch. Dy soarch foar oaren wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad fan dy minsken net om help te freegjen. Yn de earste wike fan april stiet by Omrop Fryslân de mantelsoarger, yn hokker foarm dan ek, sintraal.

Foto: Omrop Fryslân

Alle jierren binne der mear âlderen en minder jongeren yn Nederlân. As gefolch fan dy fergrizing en ûntgriening fan de befolking komt de mantelsoarch ûnder druk te stean. Ek jout ien op de sân mantelsoargers oan dat sy harsels swier belêst fiele mei de soarch foar in oar: dy belêsting is te heech. Dêrom is der yn de 'Wike fan de mantelsoarch' folop omtinken op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app foar de ferskate foarmen fan mantelsoarch en de inisjativen dy't foar ferlichting soargje kinne.

Sa komme ferhalen oan bar fan bygelyks Grytsje Andringa dy't in mantelsoarchwenning yn de tún hat wêrtroch't sy in eachje hâlde kin op har skoanmem. Of frijwillige mantelsoarger Riemke Dijkstra dy't by minsken thús sit en famylje opfange kin as ien stjerrende is.

Met raad en daad staat ze me bij. Zonder haar had ik niet thuis kunnen blijven wonen.

David Buurma (92)

Mar ek twa foarmen fan mantelsoarch dy't meastentiids fergetten wurde. Profesjonele mantelsoarger Marjon Haanstra komt twa kear yn de wike by de 92-jierrige David Buurma. Harren bân giet folle fierder as 'it wurk'. "Hy fielt echt as in twadde heit foar my", fertelt Haanstra. Ek Buurma sjocht dit sa. "Met raad en daad staat ze me bij. Zonder haar had ik niet thuis kunnen blijven wonen."

In oare groep dy't gau fergetten wurdt, bestiet út de jonge mantelsoargers. Corné Struikmans is 19 jier en mantelsoarger foar syn heit dy't in spiersykte hat. Hy sil dit jier foar de earste kear nei in moetingsdei spesjaal foar jonge mantelsoargers, want: net ien hoecht der allinnich foar te stean.

Alles oer de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help' is te finen op: Omropfryslan.nl/mantelsoarch.

Trefwurden: 
mantelsoarchwike
(advertinsje)