Freedsmerk oer Oranje: "4-0 tsjin Wyt-Ruslân is moai, mar Dútslân dat is oare tee!"

"Dy 4-0-oerwinning tsjin Wyt-Ruslân is moai, mar snein moatte se tsjin Dútslân en dat is oare tee!" It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de oerwinning fan Oranje tongersdeitejûn. Der wiene in soad opteine reaksjes op it spul en de trainer, mar ek wol wat krityske noaten.
© ANP
De freedsmerk oer Oranje
Sa sei de ien: "Se wiene net skerp, der hie mear skoard wurde moatten", wylst in oar warskôge dat it spul faak ek wat hinne en wer wie. "De iene kear is it in wrâldteam en in wedstriid letter kinne se it samar wer sitte litte".
De merkkeapman, dy't ûnder mear fuotbalshirts ferkeapet, seach it wer hielendal sitten. "De oranjeshirts kin wer foaroan hingje!". In echte Ljouwerter wie ynnaam mei de trije punten, mar: "No Cambuur noch!"