Lûdsmjitnet mei piken fan fleanbasis Ljouwert aanst iepenbier

22 mrt 2019 - 12:55

De webside fan it Permaninte Lûdsmjitnet fan fleanbasis Ljouwert wurdt takom wike iepenbier. Elkenien kin dan sjen wêr't de fleantugen fan de basis fleane en wat de lûdspiken boppe de wenkearnen binne. Dêrmei giet in lange winsk fan de omwenners yn ferfolling. Sy kinne aanst sjen oft de nije F-35, dy't fan ein dit jier ôf fleane, bygelyks mear lûd makket as no.

Foto: ANP

"Wy binne al in hiel skoft dwaande mei in lûdsmjitnet om de fleanbasis hinne. Wy wolle graach witte hoefolle leven dy fleantugen no hawwe. Op dizze wize kinne we dat dúdlik meitsje", fertelt Gerard Veldman fan Koarnjum, fan de stjoergroep dy't him mei it lûdsmjitnet dwaande hâldt.

Fyftjin mjitpunten

De fyftjin mjitpunten dy't der komme moatte, binne der noch net allegear. "Der binne op dit stuit acht aktyf. Kommende wike sille der noch fjouwer aktivearre wurde. De lêste trije stean der op koarte termyn ek oan te kommen."

De mjitpunten sille op ferskate plakken om de fleanbasis hinne te stean komme, lykas Ljouwert, Westein, Bilgaard, Marsum en Koarnjum, "It falt net altyd ta om in goed plak te finen. We hawwe de meiwurking fan omwenners nedich, mar ek fan ynstânsjes."

Der sitte ek saneamde 'kontoermjitpunten' tusken. Dêrby komt it hiel krekt. Dy moatte op in plak stean dêr't gjin oare rûs is, op 'e romte dus.

Gerard Veldman fertelt oer it lûdsmjitnet

Mar wat no as bliken docht dat de tastellen yndie mear lûd meitsje as tastien? "Dan hawwe we yn elk gefal de gegevens derfan. Dan kinne we oanjaan: mei de F-16 binne dit de resultaten. En at de F-35 komt, dan kinne we sjen wat dan de resultaten binne. En mocht dat ôfwike, dan moatte om de tafel mei Definsje en sjen wat dêr oan dien wurde kin."

"Want it soe spitich wêze as wy wer yn deselde situaasje komme as yn de jierren 80." Doe moasten der benammen yn Marsum, Jelsum en Koarnjum huzen ôfbrutsen wurde, omdat se net isolearre wurde koene of te ticht by de basis stiene.

In mikrofoan fan it lûdsmjitnetwurk - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Op de webside binne aanst ûnder oare de fleantugen, startbanen en lûdsmjitpunten te sjen. Kommende tiisdei komt der foar de omwenners in ynformaasjejûn yn it doarpshûs fan Marsum. De webside, dy't no dus noch net iepenbier is, wurdt defensie.nl/geluidsmeetnet.

Begjin april wurdt Frisian Flag ek wer organisearre. Dat sil de earste grutte test wurde. Minsken kinne dan sjen hoe't it nije tastel fleant en watfoar lûd se meitsje.

Moasje

It lûdsmjitnet is it resultaat fan in moasje yn novimber 2013 fan doetiidsk Twadde Keamerlid Angelien Eijsink fan de PvdA. Yn dy moasje waard bepaald dat in lûdsmjitnet alle bewegingen fan it fleantúch en it lûd 24 oeren deis yn de gaten hâldt. It doel wie om sa omwenners ynformaasje te jaan oer de lûdsnivo's.

(advertinsje)