Frijwilligers krije aaisykles yn it ramt fan greidefûgelbeskerming

22 mrt 2019 - 10:52

De tradysje fan it aaisykjen kenne se net echt yn Grinslân en Noard-Hollân, mar dochs is it ek wer net sa dat se yn dy provinsjes neat oan greidefûgelbeskerming dwaan wolle. Punt is... se sille dêr dan dochs earst leare moatte hoe't je in aai fine. En dêr komt Herman Vos fan Burgum yn byld. Hy is greidefûgelkoördinator yn Noard-Hollân en Grinslân en besiket de minsken dêr by te bringen hoe't dat eins moat, dat aaisykjen. Dat slagget hieltyd better en der binne ek hieltyd mear frijwilligers dy't der oan meidogge.

Ljipaaien - Foto: Shutterstock.com

De Fryske tradysje fan it aaisykjen en de neisoarch giet al jierren werom. Ek bûten de provinsjegrinzen is dat eins best goed regele. Benammen yn Noard-Hollân is it goed organisearre. Ferskate greidefûgelgroepen hâlde harren dwaande mei it wol en wee fan de greidefûgels. "Wy tinke dat wy yn Fryslân de wiisheid yn pacht hawwe, omdat wy sa'n lange tradysje dêryn hawwe, mar dat is net hielendal wier", seit Herman Vos. Ek yn oare provinsje binne se fier yn it finen en beskermjen fan aaien.

Herman Vos oan it wurd

"Wy jouwe dêr ek teorykursussen foar nêstbeskerming, it tellen fan briedpearen fan skriezen en it tellen fan âlde pearen dy't piken ha, sadat we it briedsukses fan de skries mjitte kinne."

Vos jout sels praktyklessen. Hy nimt in groepke frijwilligers mei it fjild yn en leart harren op de 'Fryske wize' aaisykjen. "Ik ha eartiids leard fan ús pake en ús heit dat sadree't se by de hikke binne. se de snút op de grûn hawwe en fuort begjinne te sykjen."

Benammen de froulike kursisten skine it goed te dwaan. "Froulju stean der mear iepen foar en leare hiel fluch. Sy hawwe hiel gau troch wannear't ljippen, skriezen en tsjirken aaien hawwe en wêr't se dan lizze."

Buorprovinsjes

Der binne de lêste tiid faak negative berjochten oer de greidefûgelstân. Súd-Hollân, en dus net Fryslân, soe samar ris de greidefûgelprovinsje fan Nederlân wurde kinne. Mar ek yn ús buorprovinsjes giet it min. "It is in lanlike trend. De triennen springe dy sa no en dan yn 'e eagen, sa min giet it."

Dochs giet it neffens Vos better yn dy buorprovinsjes as yn Fryslân. "Ik wurkje dan ek foar in agraryske natuerferiening. Dan praatst bepaalde dingen mei boeren ôf. It giet der hiel maklik allegear. Hoechst minsken net te oertsjûgjen dat der wat barre moat, se dogge it gewoan."

(advertinsje)
(advertinsje)