Fjouwer gemeenten wolle gjin eigener wurde fan nij Caparis

22 mrt 2019 - 09:59

De fjouwer gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en East- en Weststellingwerf hawwe oanjûn gjin eigener wurde te wollen fan it nije Caparis. It sosjale wurkfoarsjenningsbedriuw moat begjin 2020 neffens in nije struktuer wurkje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dat de gemeenten net wer eigener wurde, betsjut net dat se gjin tsjinsten fan it nije Caparis ôfnimme kinne. Hearrenfean, Ljouwert, Opsterlân en Smellingerlân bliuwe wol eigener.

De beslissing om derút te stappen is op 7 maart al naam, mar komt no pas nei bûten. It past yn it tiidspaad dat ein ferline jier troch de gemeenten ôfpraat is. It definitive beslút oer it wol of net eigener bliuwe, leit by de gemeenterieden. Dy wurde ein april ynformearre oer de stân fan saken. Yn de tuskentiid wurdt besjoen hoe't it eigenersskip fan Caparis der yn de takomst útsjen moat en hokker tsjinsten de útstapte gemeenten yn de takomst noch fan Caparis ôfnimme sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)