Suppers meitsje grêften skjin op It Hearrenfean

22 mrt 2019 - 08:30

Op It Hearrenfean wurde freedtemoarn de grêften skjinmakke mei help fan suppers, oftewol stand up paddlers. Se dogge dit yn it ramt fan de lanlike Opschoondag fan Nederland Schoon. De skjinmakdei wurdt dit jier foar de 17de kear hâlden.

Foto: SUPporter van Schoon Heerenveen

It startskot wurdt jûn troch ûnder oaren shorttrackster Rianne de Vries, Carlos Platier Luna, dy't yn 2017 it telefyzjeprogramma Expeditie Robinson wûn, en âld-maratonrider en sintrummanager Peter de Vries. Peddeljend op in surfplanke helje de skjinmakkers tusken 9 en 11 oere it swalkôffal út it wetter, wêrnei't se it kwyt kinne op in folchboat. Op it wetter sille der sa'n 15 dielnimmers dwaande wêze en ek op de wâl sille der minsken ôffal opromje.

Skande en djoer

"De dag zelf is niet bedoeld om te laten zien dat we het allemaal elke dag met elkaar moeten gaan opruimen", seit direkteur Helene van Zutphen fan Nederland Schoon oer it nut fan de skjinmakdei. "Het is vooral bedoeld om te laten zien dat het niet nodig is om het op te ruimen, als je het gewoon niet weggooit. Het is vooral bedoeld om zwerfafval te voorkomen, want het is gewoon hartstikke zonde. Als er zwerfafval ligt, kost het heel veel geld om het op te ruimen en uiteindelijk is het voor de natuur en het milieu ook hartstikke slecht."

Lanlik sjoen binne der 2.000 skjinmakprojekten, wêrby't mear as 125.000 frijwilligers ynset wurde.

Direkteur Helene van Zutphen fan Nederland Schoon

(advertinsje)
(advertinsje)