Skiep út wetter rêden mei tank oan groep skoalbern

22 mrt 2019 - 06:49

Mei tank oan in groep skoalbern hat de brânwacht fan De Jouwer tongersdeitemiddei in skiep fan ferdrinking rêden kinnen. De skoalbern seagen it skiep yn it wetter driuwen by autodemontaazje Holtrop oan de Jousterwei by Aldehaske en warskôgen de helptsjinsten.

De brânwacht ried fuortendaliks út en hat it bist wer op de wâl set. In bistedokter hat it skiep ûndersocht.

(advertinsje)