Sander de Rouwe (CDA): "Moai dat ek it Forum beskikber is foar de koälysje"

21 mrt 2019 - 22:08

Listlûker Sander de Rouwe fan it CDA wol freed direkt los mei in transparant ynformaasjeproses foar in provinsjale koälysje. It CDA is de grutste partij wurden en it is gebrûk dat dy it inisjatyf nimt om ta in nije koälysje te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma

Dochs wol De Rouwe earst fan de oare partijen witte oft se it dêr mei iens binne. "Ik wol perfoarst gjin rebûlje ha oer it proses."

Fierder is De Rouwe bliid mei it sinjaal fan Forum voor Democratie dat ek sy beskikber binne foar de koälysje. "Alle partijen kinne meidwaan en harren plannen op tafel lizze by de ynformateur. Dat moat allegear sa transparant mooglik. Ik wol dêrom ek dat it folsleine advys en de ferslaggen iepenbier wurde. Dan kin elk sjen wat partijen ynbrocht ha."

Freed ynformateur

Sander de Rouwe ferwachtet freedtemiddei mei de namme fan in ynformateur te kommen, mar wol ek dat earst hifkje by de oare partijen.

Sander de Rouwe

It CDA wûn de Provinsjale Steateferkiezingen woansdei. Sy bliuwe de grutste partij en ha de kommende fjouwer jier 8 sitten. Dêrnei komme Forum voor Democratie en PvdA mei elk 6 sitten. De folsleine foarriedige list mei sitten:

  • CDA 8 sitten (-1)
  • Forum voor Democratie 6 (+6)
  • PvdA 6 (-1)
  • VVD 4 (-1)
  • FNP 4 (0)
  • GrienLinks 3 (+2)
  • ChristenUnie 3 (0)
  • PVV 3 (-1)
  • SP 2 (-3)
  • D66 2 (-1)
  • Partij voor de Dieren 1 (0)
  • 50PLUS 1 (0)
(Advertinsje)
(Advertinsje)