Sander Arends berikt heale finale challenger yn Lille

De Ljouwerter tennisser Sanders Arends hat mei syn dûbeldpartner Tristan-Samuel Weissborn de heale finale fan it challengertoernoai yn Lille berikt. Se fersloegen tongersdei it Spaanske duo David Vega Hernández en Guillermo García López mei 3-6, 6-4 en 10-6.
© www.orange-pictures.nl
Yn de earste set krigen Arends en Weissborn by in stân fan 3-3 twa breakkânsen. Dy lieten se lizze, wêrnei't de Spanjerts in game letter wol in break pakten. Dat wie genôch foar de earste set.

Sterk spul

In set letter pakten Arends en Weissborn wol in break foarsprong. Dy koene se net fêsthâlde, wêrtroch't Vega en García werom kamen. Op 5-4 spilen Arends en Weissborn in sterke game en mei in break kamen se op gelikense hichte yn sets: 6-4.
Yn de supertiebreak setten de Fries en de Eastenriker it sterke spul troch. Se wûnen mei 10-6 en dêrmei ek de wedstriid.

Heale finale

Arends en Weissborn nimme it yn de heale finale fan it yndoortoernoai op tsjin Jonathan Ehrlich út Israel en Fabrice Martin út Frankryk. It is noch net bekend oft dy wedstriid op freed of saterdei is.