Kampanjestrateech Bianca Pander: "Under de yndruk fan kampanje FvD"

21 mrt 2019 - 21:30

In dei nei de ferkiezingen. De grutte klapper fan Forum voor Democratie wie tongersdei it praat fan de dei. Kampanjestrateech Bianca Pander fan De Jouwer hat in soad ûnderfining mei ferkiezingen yn Nederlân, mar ek yn Amearika. Pander is ûnder de yndruk fan hoe't it Forum syn kampanje fierd hat.

Foto: Omrop Fryslân

Wiene it noch wol ferkiezings foar Provinsjale Steaten of wiene it eins gewoan lanlike ferkiezingen?

"It gong wol in soad oer lanlike ûnderwerpen. Ek de opkomst wie better as oars. Dat komt omdat it hiel urgint makke is, dat it oer grutte lanlike tema's gong. Dat is in diel fan de ferklearring dat FvD it sa goed dien hat."

Hoe sjogge jo nei de opmars fan Forum voor Democratie? Hat Forum voor Democratie sa'n geniale kampanje fierd?

"It Forum hat online bot oanwêzich west en hat sa in soad minsken berikke kinnen. Dat ha se hiel goed dien. Yn Fryslân seachst de PvdA, CDA en GrienLinks in protte op strjitte, kaamst de minsken echt tsjin. Dat hat it Forum net dien. Sy ha foaral online kampanje fierd en soargen dat minsken by byienkomsten kamen. Dat is hiel knap. Se hiene ek it 'frame': we pakke de macht werom. It is in bytsje sa as brexit: take back control.

Ik bin derfan ûnder de yndruk. It is hiel kostber om sa bot online oanwêzich te wêzen en dy billboards kostje ek net neat. Lokale partijen moatte it mear fan de frijwilligers ha. It FvD hat dy hiele organisaasje noch net, mar ik bin wol benijd hoe't se oan de finânsjes komme."

Hawwe de tradisjonele partijen as VVD, CDA en D66 in ferâldere strategy?

"Nee dat tink ik net. Dy kieze derfoar om har eigen achterban te motivearjen en net in bepaalde doelgroep yn hiel Nederlân. GrienLinks en D66 sieten hiel bot op it klimaat. It is in bysûndere posysje dêr't it Forum yn sit. Se ha de beweging in bytsje mei. Dêr kinst as provinsjale polityk hast net tsjin op."

Bûtenlânske media omskriuwe Thierry Baudet wol as 'de Nederlânske Trump'. Sjogge jo oerienkomsten tusken Baudet en Trump?

"Foar in part wol. It binne beide populisten. Baudet belooft fan alles, lykas de belestingen omleech, pensjoenen yndeksearje. Dat kostet ferskriklik folle jild, dat is der net en de Earste Keamer giet der ek net oer. Dus hy kin dat hielendal net wier meitsje. It is stevich praat en dat hat Trump ek, mei syn Make America Great Again en hjir: 'we meitsje it lân wer'."

Wat ferwachtsje jo fan Forum voor Democratie. Is dit in tydlik ferskynsel, lykas earder de LPF, of moatte we der rekken mei hâlde dat dizze partij langere tiid in machtsfaktor bliuwt?

"It is net samar fuort. Se ha ek in hiel soad stimmers fuort helle by de PVV. Der is in protte romte oan de populistysk rjochtse kant en se pakke dat goed oan. We moatte altyd rekken hâlde mei populistyske beweging. No is dat tafallich Baudet en syn partij."

(Advertinsje)
(Advertinsje)