Eksperimint mei rappe stimmetellerij mislearre

It wie sa'n moai idee: earst allinnich de stimmen op de partijen telle foar in flotte útslach en pas de oare deis mei in frisse ploech de stimmen op kandidaatnivo. Mar fan in flotte útslach wie gjin sprake. In protte gemeenten kamen pas om 1.00 oere nachts of noch folle letter mei de útslach. In lange nacht foar de leafhawwer.
© Omrop Fryslân, René Koster
Seis Fryske gemeenten diene mei oan it rap-tel-eksperimint by de Steateferkiezingen fan woansdei. Earste doel wie it stimproses betrouberder en transparanter te meitsjen, mar dêrnjonken wie de ferwachting dat der sa ek flotter in útslach wêze soe. Dat lêste wie op de ferkiezingsjûn lykwols hielendal net it gefal.
Sterker, guon fan de dielnimmende gemeenten oan dit eksperimint sieten by de lêsten dy't mei in foarriedige útslach kamen. Neffens Jouke de Vries fan de gemeente Ljouwert bliuwt it in tige soarchfâldich proses wêryn't punktuelens swierder weaget as snelheid: "We wolle it goed dwaan. Dan kostet it mar wat mear tiid. Leaver dat as flaters." Dat de stimformulieren sa grut wiene, holp ek net mei.
Jouke de Vries yn petear mei ferslachjouwer René Koster
© Omrop Fryslân, René Koster
Minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken hat tastimming jûn foar it eksperimint. Se wurket oan in wetswiziging dy't de sintrale stimmetellerij altyd mooglik meitsje moat. Woansdei waard yn Ljouwert, Harns, Waadhoeke, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Opsterlân op de nije wize teld.
Ljouwert koe tongersdei om healwei seizen hinne, nei in teldei mei 180 meiwurkers, de balâns opmeitsje. Dêr is hiel wat oan foarôfgien: "We ha njoggen ynstruksjejûnen hân", fertelt De Vries. "Dêrby ha we ek spesjale turflessen ûntwikkele. It is allegear hiel eksakt gien, want we wolle it sa maklik mooglik meitsje foar de minsken."
De gemeente Ljouwert makket freed de útslach offisjeel bekend.