Matthijs Sikkes-van den Berg: "Noch hieltyd grutte ambysjes"

21 mrt 2019 - 20:13

Troch de grutte oerwinning fan Forum voor Democratie snijde it in bytsje ûnder, mar ek GrienLinks wûn flink yn de Fryske Steaten: de partij fan listlûker Matthijs Sikkes-van den Berg groeide fan 1 nei 3 sitten. "We ha kampanje fierd mei grutte ambysjes. Dy ha we nei de ferkiezingen noch hieltyd."

Mei dy sitten soe der samar in rol foar GrienLinks weilein wêze by de nije Deputearre Steaten. Neffens polityk ferslachjouwer Andries Bakker fan Omrop Fryslân kin GrienLinks efteroer hingje: "De PvdA wol fêsthâlde oan GrienLinks en it CDA hat de PvdA nedich. Dus as PvdA echt oan GrienLinks fêsthâldt, komme se der wis by. Mar dan wurdt it wol in koälysje fan fiif partijen."

Bakker sjocht ek in mooglikheid foar in koälysje fan fjouwer partijen, mar dat wurdt dan sûnder GrienLinks. "Dat kin mei CDA, PvdA, FNP en VVD. Ferlike mei de foarige perioade wikselest dan de SP yn foar de PvdA. De fjouwer partijen ha mei-inoar 22 sitten, krekt genôch foar in mearderheid. Mar dan hoecht der mar ien siik te wêzen en dan bist de mearderheid kwyt. Dêrom hast GrienLinks eins wol nedich."

Bestjoerlike ferantwurdlikheid geane we net út de wei.

Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks)

Sikkes-van den Berg wol noch net direkt tahappe: "Bestjoerlike ferantwurdlikheid geane we net út de wei", seit de foarman fan GrienLinks. Der lizze neffens him ek mooglikheden: "Ik ha oare partijen ek sizzen heard dat se ambysje ha op it mêd fan natuer, enerzjytransysje en klimaat. Dan falt der dus te praten."

Oer eventuele deputearren wol Sikkes-van den Berg him noch net drok meitsje. "Earst mar ris sjen nei de ynhâld, dan nei de popkes."

Opsjes mei Forum voor Democratie

En de grutste winner, Forum voor Democratie, dan? Yn teory binne der wol opsjes, seit Atze Jan de Vries, polityk ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante. "Forum voor Democratie wol sels wol en De Rouwe (CDA) seit dat se gjinien útslute." Realistysker is in koälysje mei CDA, PvdA, FNP en VVD. "Dan hast gjin winners, mar in mearderheid is in mearderheid."

De winst fan Forum voor Democratie wie de dei nei de ferkiezingen it grutste ûnderwerp. "Se pakke yn ien kear seis sitten, dat is folle mear as ferwachte", seit Bakker. "De provinsjale kampanje is hielendal net út de ferve kaam, want dy is kaapt troch lanlike tema's." En dat hat Forum voor Democratie neffens De Vries fertuten dien. "Sy ha op har eigen manier kampanje fierd. Bygelyks mei in gearkomste yn Drachten en op sosjale media. De hiele kampanje hinget oan Baudet, net oan provinsjale politisy. Dus moatst dy ôffreegje: hoe effektyf is dat tradisjonele kampanjefieren noch?"

Stil wêze helpt

Ek yn de ferkiezingsdebatten liet Maarten Goudzwaard, de listlûker fan Forum voor Democratie yn Fryslân, him net sjen. "We ha hiel faak de partij benadere", seit Bakker. "Mar se dogge net mei. Miskien hie dat ek allinnich mar yn harren neidiel wurke. Stil wêze helpt."

Dat Forum voor Democratie sa stil wie en dochs de grutte winner wie, soarge by oare politisy foar lilkens. SP-foarman Michiel Schrier neamde it sels de 'doodsteek voor de democratie'. Sikkes-van den Berg snapt dy lilkens: "We fochten tsjin in spûk. De oare partijen ha de eigen programma's ferdigene yn de debatten, mei-inoar fan miening wiksele. Dat hat Forum net dien."

Bakker fynt lykwols dat de oare partijen net lilk wêze moatte op Forum, mar foaral nei harsels sjen moatte. "De ûntefreden stimmer fielt him net thús by de partijen dy't no ferlern hawwe. Dat is lanlik sa, mar ek provinsjaal. De partijen ha hjir net dúdlik makke wêr't it oer giet. Of minsken fine it net belangryk genôch. Dy sitte mei te min jild, de keapkrêft dy't net omheechgiet. Dy tinke: it sil my wat, dy feangreide. It moat better mei ús gean. Dan stappe se nei de lanlike tema's fan Baudet."

As ien partij net transparant west hat de ôfrûne wiken en moannen, dan wiene it wol de provinsjale minsken fan Forum voor Democratie.

Atze Jan de Vries (Ljouwerter Krante)

Forum-listlûker Goudzwaard liet him tongersdei, de dei nei de ferkiezingen, foar it earst sjen oan it grutte publyk. Hy fertelde dat se graach meidwaan wolle oan de koälysje-ûnderhannelingen. "Foar ús is in transparante formaasje belangryk", seit er. Om dy lêste wurden moat Atze Jan de Vries gnize: "As ien partij net transparant west hat de ôfrûne wiken en moannen, dan wiene it wol de provinsjale minsken fan Forum voor Democratie. Se binne nea berikber. Wy wolle graach skriuwe oer de 'gedreven politisy' oer wa't Goudzwaard it hat, mar se binne foar ús net berikber. Neat transparânsje."

Matthijs Sikkes-van den Berg hat itselde: "Ik hear noch hieltyd net wat se no wolle. En dat is skande, want de minsken ha wol op de provinsjale ôfdieling fan de partij stimd. Se moatte aanst har wurk dwaan yn de provinsje. Goudzwaard hat it oer it feangreidegebiet. Fan GrienLinks is it dúdlik wat we dogge, wat we wolle en wêrom't we dat wolle. Mar ik wit net oft ik Forum voor Democratie dan efter of tsjin my ha."

(advertinsje)
(advertinsje)