Kontrakt foar wynmûnepark Ofslútdyk ûndertekene
Windpark Fryslân hat tongersdei in kontrakt ûndertekene mei Zuiderzeewind foar de bou fan in wynpark yn de Iselmar by Makkum.
It wynpark wurdt oan de súdkant fan de Ofslútdyk oanlein. Ek sil der in natuereilân oanlein wurde, dat earst ynset wurdt as wurkeilân.
It kontrakt is ûnder betingst, as de finansiering fan it wynpark rûn is, sil Zuiderzeewind de definitive opdracht krije.
Zuiderzeewind is in tydlike gearwurking fan Van Oord en Siemens Gamesa renewable energy. Neist de oanlis fan it park, is it ek de bedoeling dat Zuiderzeewind it ûnderhâld foar de kommende 16 jier dwaan sil.
Fryske bedriuwen kinne meiprofitearje
De provinsje wol dat Fryske bedriuwen ek meiprofitearje kinne fan it grutskalige projekt, wêrby't 89 wynmûnen yn de Iselmar by Makkum komme. Fryske bedriuwen kinne har begjin april oanmelde foar it wurk oan wynpark Fryslân. De provinsje is grutoandielhâlder fan it projekt.